Wy ha tegearre in dichtbundel útjûn. De gedichten gean oer doarpsdingen, fakânsje(tiid), sykte en sûnens, relaasjesaken, ûnderwiis mei hjir en dêr ferwizingen nei bibelferhalen… tsja, eins fan alles wat men tsjin komme kin op in dei. En dat allegear yn it Frysk. O sa geskikt om yn iepenbiere romtes, sa as doarpshuzen en wachtromtes del te lizzen. In moaie stimulâns om de Fryske taal te lêzen en foardragend kin it samar as muzyk klinke…